Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (2024)

17:40

Dit binne de reaksjes út Fryslân

"Moaie kâns", "mensonwaardig" en "perspektyf foar de regio": dat binne yn it koart inkelde Fryske reaksjes op it koälysje-akkoart. Yn Fryslân waard hjoed manmachtich reagearre op de plannen fan de fjouwer partijen.

Sjoch hjirûnder nei in ferskaat oan reaksjes:

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart

17:27

Bestjoerskundige Van der Tempel neamt situaasje 'afwijkend'

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (1)

Geert Wilders neamde hjoed 'een historische dag'. Renske van der Tempel, bestjoerskundige fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert, wol sa fier net gean, mar erkent dat de gong fan saken yn Den Haag ôfwikend binne.

"We krijgen een extraparlementair kabinet, waarvan de leiders van de vier partijen in de Tweede Kamer komen en niet in de regering", seit Van der Tempel. "En dan is de leider van de grootste partij, Geert Wilders, ook nog eens niet de nieuwe premier. Tja, dat is ongebruikelijk."

Ekstreemrjochts (?)

Fierder wurdt it stimpel 'extreemrechts' hjir en dêr op it regear plakt. Neffens de bestjoerskundige falt dêroer te diskusjearjen. "De nodige uitgangspunten van de PVV zou je zo kunnen betitelen. Maar enkele daarvan zijn ook in de bekende ijskast gezet."

Mar oan de asyl- en migraasjeplannen is net folle links, seit se mei klam. "De zorg en bestaanszekerheid zou je dan wel weer links kunnen noemen. Hoe dan ook: het geheel heeft wat mij betreft een rechts conservatieve afdronk."

Net folle ûnderfining

Bûten de VVD hawwe de oare trije partijen net folle ûnderfining mei it lieden fan it lân. "Dat zou je riskant kunnen noemen. Ze zullen ongetwijfeld enkele keren struikelen. Dat maakt het zowel spannend voor henzelf als voor de burgers."

"Verder was helder dat de formatie niet vanzelf ging. Gelukkig zijn ze er nu op hoofdlijnen akkoord", seit Van der Tempel. "Nu is het nog afwachten of er een goede, betaalbare en duurzame uitwerking komt. Dat is nu de klus."

16:17

Deputearren: haadstik oer kultuer "summier", Lelyline "goed nijs"

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (2)

Deputearre Sijbe Knol neamt it haadstik oer kultuer yn it koälysje-akkoart "summier". "It is in miste kâns dat kultuer en de regionale finansjele sprieding, sa't de Raad voor Cultuur dizze maitiid advisearre hat, net werom komt."

Wat de wenningbou oanbelanget, slu*te de fjouwer partijen oan op de ynset fan de provinsje, seit Knol. "Mar wy hawwe soarch oer de regy op de romte en wêr't de wenningbou plakfine moat. Dat binne saken dy't wy prima mei ús gemeenten sels ôfwage kinne."

Lelyline: "Goed nijs"

It nije akkoart biedt neffens it provinsjebestjoer moaie kânsen foar de berikberheid fan it Noarden, bygelyks mei de Lelyline. "Gelokkich wurdt de oanlis fan de Lelyline ek troch it nije kabinet as wichtich sjoen", neffens deputearre Matthijs de Vries.

"Op it mêd fan ynfrastruktuer is der wol wat wurk te dwaan. "Dat is oan ûnderhâld ta. It giet dan bygelyks om de Fryske brêgen, it HRMK-spoarakwadukt (by Ljouwert, red.) en de slûs Koarnwertersân."

15:54

Provinsjebestjoer: ûnwissichheden en perspektyf

It Fryske provinsjebestjoer sjocht yn it haadlinenakkoart meardere ûnwissichheden, mar ek 'perspektyf foar de regio'. Dat perspektyf is te sjen op tema's as lânbou en wenningbou; ûnwissichheden sjocht de provinsje op it mêd fan wetter en natuer.

Deputearre Femke Wiersma jout tongersdeitemiddei oan wiis te wêzen dat "foar jonge boeren takomstperspektyf bean wurdt". Mar der binne ek soargen. "It fuortstreekjen fan de middels yn it transysjefûns; dat jild hawwe provinsjes nedich om gebietsrjochte wurkje bliuwe te kinnen."

En wat binne de konsekwinsjes foar wetter en natuer? Deputearre Steaten jout oan benijd te wêzen nei in oantal maatregels, lykas it opnij ikerjen fan de Natura 2000-gebieten, it lytser meitsjen fan bufferzonen en de feroaring fan de Nitraatrjochtline.

15:03

Ljouwerter riedslid: "Mensonwaardig en onrechtstatelijk beleid"

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (4)

"Het idee dat deze maatregelen zorgen voor een afremmende werking op het aantal asielzoekers wat naar Nederland komt, is een utopie." Dat fynt riedslid Carlijn Niesink (ChristenUnie) fan Wurdum. "Een mensonwaardig en onrechtstatelijk beleid wat uiteindelijk alleen maar voor grotere problemen zal zorgen", sa ferwiist Niesink nei it nije koälysje-akkoart.

"Wensdenken"

Niesink set har binnen de gemeente yn foar flechtlingen. "Deze nieuwe strenge voorgestelde maatregelen zeten de asielketen onder nog grotere spanning om op die manier een asielcrisis te forceren. Het is wensdenken waarbij mensen in een kwetsbare situatie het hardste worden geraakt."

Oer de kar fan de fjouwer nije koälysje-partijen om de spriedingswet yn te lûken: "Dat is een duidelijk signaal vanuit de PVV, VVD, NSC en BBB naar de noordelijke provinciën dat zij niet serieus genomen hoeven te worden. We weten dat het Noorden al jaren een onevenredig groot deel aan asielzoekers opvangt."

13:59

"Nije koälysje bringt gjin natuer- en klimaatoplossingen"

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (5)

It nije koälysje-akkoart stiet hiel fier ôf fan in sûne en duorsume libbensomjouwing, fynt de Fryske Miljeu Federaasje (FMF). "De nije koälysje bringt gjin natuer- en klimaatoplossingen, mar swakket dy just ôf", sa is harren reaksje op it akkoart.

Neffens de FMF stiet Nederlân foar grutte opjeften op it mêd fan klimaat, enerzjy en natuer. "Sy kieze net foar in skjinne loft, net foar in sûne boaiem en net foar in sûne libbensomjouwing. Us boargers en ús natuer wurde oan harren lot oerlitten.

13:29

Vereniging van Friese Gemeenten komt letter mei reaksje

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (6)

Fred Veenstra, njonken boargemaster fan De Fryske Marren ek foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG), wol foarearst noch gjin reaksje jaan op de plannen yn it haadline-akkoart.

De VFG wol earst in wiidweidiger reaksje fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten ôfwachtsje. Dêrneist wol de VFG sels it akkoart better bestudearje. De VFG ferwachtet pas freed of nije wike mei in reaksje komme te kinnen.

Ien fan de foarstellen yn it akkoart fan de formearjende partijen is om de Spriedingswet te skrassen. Yn jannewaris fan dit jier reagearre Fred Veenstra noch ferromme dat dy wet oannaam wie. Mei de wet moasten asylsikers earliker oer it lân ferdield wurde. Fryslân fangt in soad asylsikers op, wylst provinsjes as Noard- en Súd-Hollân minder dogge.

Mei de plannen fan de Haachske partijen liket de wet lykwols mar in koart libben beskern.

13:21

VNO-NCW bliid mei Lelyline yn akkoart: "Stilletjes verwacht"

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (7)

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW is bliid dat de Lelyline yn it haadline-akkoart opnaam is. "We hadden het gehoopt en stilletjes verwacht", seit foarsitter fan de noardlike ôfdieling Sieger Dijkstra. "Maar het is toch mooi dat het er daadwerkelijk in staat."

Hy fynt it wichtich dat net alle jild en omtinken nei de Rânestêd giet. "We slaan vanuit het noorden al jaren op de trom. Het is bizar dat als je vanuit het noorden naar de rest van Nederland wilt, per week gemiddeld negen uur uitval bij Meppel-Zwolle hebt."

Oanlis yn it Noarden begjinne

Dat de oanlis fan de spoarline yn Grins úteinset, sa't yn it akkoart stiet, fynt de Beetstersweachster in goede saak. "Niet dat het straks zo is dat de Lelylijn er tot Lelystad ligt en dat dan het geld op is." It spoartrasee kin it Noarden in soad bringe, tinkt Dijkstra. Hielendal as dy trochrint nei Dútslân en Skandinavië.

Wêr't hy tinkt dat it jild weihelle wurde moat, wol Dijkstra net sizze. VNO-NCW is wol útnûge om mei te tinken om de plannen fan de ministearjes hannen en fuotten te jaan. "Dus we zullen strak aan de wind varen."

13:13

"Perspektyf en hoop foar de boeren", sjocht LTO Noard

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (8)

Ut it haadlinenakkoart blykt in protte positiviteit en wurdearring foar boeren, sjocht Jan Teade Kooistra. Hy is regiobestjoerder by belange-organisaasje LTO Noard.

"Yn foarige akkoarten ha wy wolris sykje moatten kwa lânbou, mar hjir sieten in soad punten yn dy't ús wol oansprekke. Wy hiene dat ek al wol wat ferwachte."

It akkoart behannelet bygelyks de útkeapregeling foar boeren, dy't folslein frijwillich wurdt. "Der komt gjin twongen krimp en ûnteigening", neffens Kooistra.

"Perspektyf en hoop"

Oft alle plannen útfierd wurde sille, bliuwt ôfwachtsjen, tinkt hy. "Mar it is wol in mearderheidskabinet. Der sille hobbels wêze, mar it liket my dat it in kâns fan slagjen hat. Hjir sit perspektyf en hoop yn foar de boeren."

12:33

Aant Jelle Soepboer: "Yn syn totaliteit grutsk"

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (9)

"Wy meie yn syn totaliteit grutsk wêze oer it akkoart." Dat is de earste reaksje fan Keamerlid Aant Jelle Soepboer fan NSC, ien fan de fjouwer partijen dy't it akkoart sletten ha.

Wat er mist? "As je Ctrl+F dogge en op Frysk sykje, dan sille je derachter komme dat dat der spitigernôch net yn stiet."

Lês ek:

Aant Jelle Soepboer (NSC) is grutsk op akkoart, mar mist it Frysk

12:03

VluchtelingenWerk: nij kabinet lost gjin problemen op

It nije kabinet "ontwricht willens en wetens het asielsysteem". Dat seit VluchtelingenWerk Nederland yn reaksje op de oankundige asylmaatregels dy't hjoed persintearre binne troch de formearjende partijen.

De Fryske ôfdieling fan VluchtelingenWerk komt sels net mei in reaksje op de plannen, sy ferwize nei de lanlike reaksje.

"Deze maatregelen zijn niet alleen vaak ongefundeerd en contraproductief", seit foarsitter Frank Candel fan VluchtelingenWerk Nederland. "Ze ontwrichten het asielsysteem en zijn bedoeld om vluchtelingen het zo onaangenaam mogelijk te maken in Nederland."

PVV, VVD, NSC en BBB wolle it folsleine stelsel fan asyl en migraasje opnij foarmjaan. Se ha it oer "het strengste toelatingsregime voor asiel en het omvangrijkste pakket voor grip op migratie ooit".

'Leaver strang lykje as problemen oplosse'

VluchtelingenWerk seit dat it nije kabinet "streng zijn en dit uitstralen" as in heger doel sjocht as "het daadwerkelijk oplossen van problemen".

Se ferwize nei ûndersyk dat útwiist dat maatregels sa't no presintearre wurde der net foar soargje dat der minder asylsikers komme. "Wat de maatregelen wel doen, is het asielbeleid onuitvoerbaar maken. Ze zorgen voor meer werkdruk bij de IND, langere wachttijden voor de asielprocedure, minder opvangplekken en een langere verblijfsduur in de opvang van asielzoekers."

11:14

Technyksektor: waarmtepompferplichting moat net fan tafel

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (10)

De waarmtepompferplichting foar húseigeners moat bliuwe, en net fan tafel, sa't yn it haadlinenakkoart fan it oankommende kabinet te lêzen falt. De technykbrâns makket him dêr soargen oer, seit foarsitter Doekle Terpstra fan Techniek Nederland.

"Ynstallateurs en fabrikanten ha tsientallen miljoenen ynvestearre yn opliedings en produksjekapasiteit. Dit beslút bringt in komplete sektor yn grutte problemen."

Fan 2026 ôf soene minsken mei in keapwenning in hybride waarmtepomp of in duorsum alternatyf keapje moatte, as harren ferwaarmingstsjettel fernijd wurde moat. It oansteande kabinet wol dat húseigeners net langer ferplichtsje.

"Min trochtocht beslút"

"Wy ha as sektor ôfspraken makke mei de oerheid en ferwachtsje dat sy dy ôfspraken neikomt. Dit is in min trochtocht beslút", neffens Terpstra. "Dit moat echt fan tafel."

10:06

CNV-foarsitter Piet Fortuin skrikt fan besunigingsplannen

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (11)

CNV-foarsitter Piet Fortuin is skrokken fan de besunigings dy't it oankommende kabinet trochfiere wol. De ynwenner fan Drachten tinkt dat de 'bestaanszekerheid' in holle fraze west hat fan de formearjende partijen.

"Mar mei dit akkoart seagje se flink oan de finansjele posysje fan miljoenen wurkjenden."

Fortuin ferwachtet dat de besuniging wurkjende minsken treft, en dan benammen de minsken dy't al net folle fertsjinje. Sa giet it minimumlean net omheech en wurdt de WW neffens it bûn ynkoarte. "Dit binne foar ús flinke alarmbellen."

09:34

Abel Kooistra "tige bliid" mei koälysje-akkoart

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (12)

Abel Kooistra, fraksjefoarsitter fan de BBB yn Provinsjale Steaten, seit "tige wiis" te wêzen mei it akkoart fan de fjouwer ûnderhandeljende partijen.

Neffens Kooistra steane der goede saken yn it akkoart op haadlinen. "Sa giet it eigen risiko yn de soarch troch de helte en bliuwt de aksynsferleging op de brânstof yn stân. Dat is foar it plattelân hiel wichtich."

Fierder fertelt er dat it ministearje fan Lânbou, Fiskerij en Itenskwaliteit feroare wurdt yn Lânbou, Fiskerij, Itenskwaliteit en Natuer. "In hiele ierdferskowing. It betsjut dat der nei in bettere takomst foar lânbou sjoen wurdt."

09:30

Goeiemoarn

Goeiemoarn. Yn Den Haag ha PVV, VVD, NSC en BBB in akkoart berikt oer de plannen dy't se ha foar de kommende jierren. Fannacht ha se it koälysje-akkoart Hoop, lef en trots nei bûten ta brocht.

Yn dit livebloch hâlde wy dy op de hichte mei Fryske reaksjes op it koälysje-akkoart.

Dit binne de reaksjes út Fryslân op it koälysje-akkoart (2024)
Top Articles
Latest Posts
Article information

Author: Edwin Metz

Last Updated:

Views: 5461

Rating: 4.8 / 5 (78 voted)

Reviews: 85% of readers found this page helpful

Author information

Name: Edwin Metz

Birthday: 1997-04-16

Address: 51593 Leanne Light, Kuphalmouth, DE 50012-5183

Phone: +639107620957

Job: Corporate Banking Technician

Hobby: Reading, scrapbook, role-playing games, Fishing, Fishing, Scuba diving, Beekeeping

Introduction: My name is Edwin Metz, I am a fair, energetic, helpful, brave, outstanding, nice, helpful person who loves writing and wants to share my knowledge and understanding with you.